Alleen via uitgever verkrijgbaar. ×

€ 8,50


PRINT boek

niet beschikbaar

PDF ebook

niet beschikbaar

Meer van deze auteur


  • Wuthering Heights (boek)

  • Woeste Hoogten (ePUB)

De woeste hichten

Emily Brontë • ebook • epub

  • Samenvatting
    De roman De Woeste Hichten is ien fan de bekendste leafdesskiednissen yn de wrâldliteratuer. It is miskien ek wol de wreedste. It ferhaal spilet him ôf tsjin de achtergrûn fan de ûnbidige heidefjilden fan Noard-Ingelân, op de twa boerepleatsen De Woeste Hichten en de Lysterpleats. As de heit fan Cathy Earnshaw weromkomt fan in reis nei Liverpool docht bliken dat er in lyts jonkje bij him hat, dat er as fûnling op strjitte oantroffen hie. Hij is wat donker fan útsjuch en de suggestje is dat er fan sigeuners ôfstamt. Heathcliff, sa wurdt er neamd, sûnder achternamme, groeit op mei de suver like âlde Cathy as lid fan de famylje. Mar as de heit fan Cathy stoarn is, en de âldere broer fan Cathy de baas wurden is op De Woeste Hichten, wurdt Heathcliff linkenoan degradeard ta in arbeider, sûnder besit en sûnder komôf, en sûnder sosjaal perspektyf. Om dy reden trout Cathy úteinlik mei Edgar Linton fan de Lysterpleats, ek al hâldt se allinne fan Heathcliff. Yn de wurden oan har eardere bernefaam Nelly: 'As ik no mei Heathcliff trouwe soe, dan soe ik mij ferleegje, dat hij sil noait witte hoefolle as ik fan him hâld. En dat is net, Nelly, omdat er kreas is, mar omdat hij mear mijsels is as ik dat sels bin. Wêr't ús sielen ek fan makke binne, sinent en minent binne deselde [...] Hij is it dêr't yn myn libben al myn tinken om draaid hat. As alles fergean soe, en hij bleau, dan soe ik ek noch bestean bliuwe. En as alles bestean bliuwe soe, en hij der net mear wie, dan soe it hele universum mij folslein frjemd wurde.' Heathcliff wie foar Cathy har trouwen fuortgongen, mar komt nei in pear jier fol wraakgefoelens werom, wraak op Cathy har broer, wraak yn sekere sin ek op Cathy sels. Hij slingeret har de slimste ferwiten nei de holle: 'Do litst mij no sjen hoe wreed ast west hast - wreed en ûnoprjucht. Wêrom hast mij ferachte? Wêrom hast dyn eigen hart ferret, Cathy? Ik kin net ien wurd fan treast betinke. Do fertsjinnest dit. Do hast dijsels fermoarde [...] Want ellinde en sykten en de dea, en neat dat God of de Satan ús oandwaan koenen, hienen ús skiede kinnen, mar do, út eigen frije wil, do hast dat dien. Ik ha dyn hart net brutsen - do hast dat dien, en hast dêrbij ek mines brutsen.' De Woeste Hichten (1847), de iennige roman fan de jong ferstoarne Emily Brontë (1818-1848), is in ûnferjitlik en ûnmeilydsum boek fan in troch sosjale omstandichheden misbetearde hartstochtlike leafde. Nêst Jane Eyre (1847) fan har suster Charlotte Brontë is De woeste hichten ien fan de bekendste romans fan de njoggentjinde iuw. Beide boeken binne no yn it Frysk te lêzen.
  • Productinformatie
    Binding : Epub
    Auteur : Emily Brontë
    Bestandstype : epub
    Distributievorm : Ebook (digitaal)
    Aantal pagina's : Afhankelijk van e-reader
    Beveiliging : Digitaal watermerk (social DRM)   Informatie 
    Uitgeverij : Elikser B.V. Uitgeverij
    ISBN : 9789463654531
    Datum publicatie : 07-2022
  • Inhoudsopgave
    niet beschikbaar
  • Reviews (0 uit 0 reviews)
    Wil je meer weten over hoe reviews worden verzameld? Lees onze uitleg hier.

€ 8,50


PRINT boek

niet beschikbaar

PDF ebook

niet beschikbaar

Alleen via uitgever verkrijgbaar.
Veilig betalen Logo
Delen 

Informatie
Herroepingsrecht is uitgesloten voor eBooks. Een download van een eBook of luisterboek is niet meer te herroepen op het moment dat u, na aanschaf van het e-book, de download heeft gestart.

Fragment

niet beschikbaar

×
SERVICE
Contact
 
Vragen