€ 12,50


ePUB ebook

niet beschikbaar

PDF ebook

niet beschikbaar

Wat in koffer seit

Ilse Weber • Boek • paperback

  • Samenvatting
    k bin in lytse koffer út Frankfurt am Main en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein? As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Ilse liet as dichter sels in koffer prate, like ûnwennich fan minsken as elkenien yn in roetswarte oarloch. Ilse Weber, dy’t as nachtsuster yn it bernesikehûs yn Theresienstadt altyd in sniewite skelk droech, waard in lytse stjer, sûnder it te witten of op stjerredom út te wêzen. Ljocht of tsjuster: dichters hawwe oeral wurden. Want it swijen hie it alderlêste west. Ilse Weber wie in Joadske frou fan Dútsk-Tsjechyske ôfkomst. Sy skreau berneboeken, harkspullen en prachtige gedichten. De Dútsktalige gedichten dy’t se yn it geheim skreau yn it modelgetto Theresienstadt, wiene foar in protte finzenen in beaken fan hoop. Yn de ynlieding fan de bondel sketst Inez Timmer yn it koart it libbensferhaal fan dizze bysûndere frou en hoe’t har gedichten op wûnderbaarlike wize de oarloch oerlibben. De bondel is twatalich, Dútsk en Frysk en is oersetten troch Eppie Dam. Eppie Dam (1953) is dichter, berneboekeskriuwer en oersetter. Syn wurk hat altyd engazjearre west, sa’t û.m. bliken docht út tal fan liturgyen en kantates en sette ek al earder lieten foar Timmer oer, ûnder oaren it ferneamde ‘Lili Marleen’. Teaterfoarstelling: Wat in koffer seit is ta stân kommen nei oanlieding fan it teaterprogram ‘Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber’ fan en troch Inez Timmer en Tseard Nauta. De foarstelling soe oarspronklik op 4 april 2020 yn Ljouwert yn premjêre gien wêze mar is troch de omstannichheden mei it koroanafirus earst in jier útsteld. De teaterdokumintêre fan Inez Timmer fertelt op ynkringende wize oer it libben fan skriuwster Ilse Weber en de bern yn har libben. De gedichten dy’t se yn it geheim skreau yn Theresienstadt ha op wûnderbaarlike wize oarloch oerlibbe. Se foarmje 75 jier letter de basis foar dizze yndrukwekkende, meartalige muzikale teaterfoarstelling mei Inez Timmer en Tseard Nauta. ‘Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber’, in foarstelling om noait mear te ferjitten, tsjin it ferjitten. Mear ynformaasje en spyldata, sjoch: www.theaterineziatief.nl
  • Productinformatie
    Binding : Paperback
    Distributievorm : Boek (print, druk)
    Formaat : 145mm x 210mm
    Aantal pagina's : 64
    Uitgeverij : Afûk
    ISBN : 9789493159334
    Datum publicatie : 05-2020
  • Inhoudsopgave
    niet beschikbaar
  • Reviews (0 uit 0 reviews)
    Wil je meer weten over hoe reviews worden verzameld? Lees onze uitleg hier.

€ 12,50

niet beschikbaar

niet beschikbaar



0-1 werkdagen
Veilig betalen Logo
14 dagen bedenktermijn
Delen 
×
SERVICE
Contact
 
Vragen