Samenvatting
Pégasus is it mytologyske, wjokte hynder fan de Muzen. Dêr't syn hoeven de berch Helikon rekken, ûntstie de welle Hippokrènè. Wa't dêrút drinkt, krijt ynspiraasje om te dichtsjen en te sjongen. De blomlêzing befettet gedichten fan Grykse skriuwers út in tiidrek fan 27 ieuwen. Dat begint mei in koart fragmint fan Homerus út 750 foar Kr. En beslút mei in moderne dichter út 1950. Yn it fragmint fan Homerus ferliket de dichter blêden mei minsken: se groeie, bloeie en fertoarkje: de gong fan it libben. De ynhâld fan de bundel spilet him ôf rûn dit thema. Alderlei ûnderwerpen komme yn dichtfoarm oan 'e oarder: mythen, fabels, patriottyske gedichten, in boerekalinder, leafdessankjes, dronkemanslietsjes, en sa mear. Frijwat fan dizze ûnferwacht fraaie gedichten hawwe konneksjes mei literère produkten út 'e lettere skiednis of ek mei wurk út oare taalgebieten. Dat betsjut dat mannich dichter har/him al ynpirearje litten hat troch de Grykse poëzij. Dizze bondel makket de skatkeamer fan de Grykse literatuerskat tagonkelik foar Friezen. De skientme fan de Grykse fersen te lêzen yn de Fryske taal is benammen fan belang omt de Grykse beskaving de oarsprong foarmet fan it hiele Westerse kultuergoed. Sa sil dizze blomlêzing in ferriking en in ynspiraasje wêze, tagelyk foar de poëzij en foar de Fryske taal. De oersetter Klaas Bruinsma (* Easterein 1931) is al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen en krige twa kear de Obe Postmapriis. Bruinsma wurket út leafde foar de taal en út oertsjûging en idealisme foar Fryslân (syn eigen wurden).