€ 19,95


ePUB ebook

niet beschikbaar

PDF ebook

niet beschikbaar

Koade read

Koos Tiemersma • Boek • paperback

  • Samenvatting
    In wynpark yn ’e achtertún, samar ferskynt hjiroer in artikel yn ’e krante. De ynwenners fan Fierum, in middelgrut plak yn ’e buert fan Einum, steane op ’e achterste poaten. Trije boeren hawwe har lân al beskikber steld en sille meidiele yn de opbringst. Mar by de oare Fierumers, dy’t har oerfallen fiele, krije se de hannen net opelkoar. Al gau komme de hierskuorkes sa’t dy troch elke mienskip rinne, oan it ljocht. Uteinlik komme de bewenners foarelkoar oer te stean, mei gefolgen dy’t noch lang neitrilje sille. Yn achttjin haadstikken wurde likefolle belutsenen foarsteld, wêrûnder guon dy’t earder al in plakje opeasken yn de roman Einum (2012), om geandewei in rol te spyljen yn ’e ferhalen fan de oaren, in portret foarmjend fan in mienskip yn ûnstjoer. Koade read is in ferslach út ’e frontliny fan de enerzjytransysje, fan ’e striid om ôf te kommen fan fossile brânstoffen en troch te skeakeljen nei in griene takomst. In boek fol mei emoasjes, dy’t heech oprinne sa gau as de realisaasje werklik yn sicht komt. Sil it de tsjinstanners slagje om it ynplande wynpark op te kearen? Mei De ljedder makke Koos Tiemersma in súksesfol debút yn de Fryske literatuer, dat yn 2003 bekroand waard mei de earste Rink van der Veldepriis. Dêrnei folgen mear boeken, lykas De ynfaller, Quist en Einum, dêr’t er yn 2015 de Gysbert Japicxpriis foar takend krige. Syn wurk falt op troch de orizjinele styl en opset, ferhalen dy’t gauris mei humor ferteld wurde sûnder de earnst fan it bestean út it each te ferliezen. Koade read is syn tolfde boek.
  • Productinformatie
    Binding : Paperback
    Distributievorm : Boek (print, druk)
    Formaat : 139mm x 208mm
    Aantal pagina's : 242
    Uitgeverij : Het Nieuwe Kanaal
    ISBN : 9789492457523
    Datum publicatie : 07-2024
  • Inhoudsopgave
    niet beschikbaar
  • Reviews (0 uit 0 reviews)
    Wil je meer weten over hoe reviews worden verzameld? Lees onze uitleg hier.

€ 19,95

niet beschikbaar

niet beschikbaar



0-1 werkdagen
Veilig betalen Logo
14 dagen bedenktermijn
Delen 

Fragment

niet beschikbaar

×
SERVICE
Contact
 
Vragen