Samenvatting
De ferhalen yn Hege loften binne ôfwikseljend tragikomysk, realistysk of surrealistysk. De beskreaune wrâld is betroud en eigen, mar de haadpersoanen bedarje yn ûnbekend gebiet. Oertsjûgingen ferlieze har macht, hâldfêst falt fuort en in nije werklikheid wurdt ûntdutsen. Lykas yn har debút Fûgels yn ús skriuwt Catharina Lautenbach ferhalen mei faasje, gefoel en ûnderkuolle humor. ‘Konsintraasje yn taal en it skeppen fan in allessizzende sfear is it meast eigene oan har ferhalen. Mannich ferhaal wurdt der in moai miniatuer fan.’ – Jaap Krol yn it Friesch Dagblad ‘It giet yn har wurk oer selsstannich wurde, losli¬e, kreatyf wêze, in oare kar meitsje. (…) Se hat in hiele moaie styl fan skriuwen.’ – Martsje de Jong op Omrop Fryslân ‘Se toant har in master yn de realistyske beskriuwing fan deistige situaasjes (…) en goed troffen psychologyske typearrings. In seldsume supernova oan ús taaleigen firmamint.’ – Lomme Skokker yn ensafh