Samenvatting
Anna Buttenveldt van Him fan Beetstersweach wurdt fermist. Har man Germ kloppet by resjersjeur Ale Alema oan, mar as se de twadde kear ôfprate fynt de Bontebokker Germ yn it koetshús, delslein. De fynst fan it boek Dramatysk Djipdún, skreaun troch Anna is it begjin fan in speurtocht dy't djip giet. Fan de kelder ûnder it koetshús nei it topke fan it dún mei it fakânsjehûs op Skiermûntseach. It dollen yn it mystearje út it ferline is dreech en de wierheid is net samar boppe it waad, Skiermûntseach en Beetstersweach te krijen en sa gefaarlik as yn Djipdún hat hy it noch net earder meimakke. De tydlike, froulike pleatsferfanger fan Heine Hanssen soarget earst foar nochal wat argewaasje, foaral by Wytske, Mar Jo van Aken komt nei wat sy taseit. Dêr mei Ale wol oer al komt sy letter wol wat te tichtby. Djipdún is spannend, mysterieus mar ek loftich. Ale Alema sit op 't heden goed yn syn fel en dat hat foar in part mei Jo van Aken te meitsjen, mar ek mei dochter Jelly. Sy is thús út Itaalje en hat in ferrassing by har. Dit is it tredde boek yn de rige Ale Alema-mystearjes. De earste twa, De Koalmasaak en De SUC-saak en de bonken fan Brongergea, waarden goed ûntfongen. De resjersjeur wurdt hieltyd populêrder by it publyk.