Samenvatting
Yn de Bernebibel steane 25 bibelferhalen út it Alde en it Nije Testamint mei koarte teksten en grutte yllustraasjes. De ferhalen wurde ienfâldich en oansprekkend ferteld yn eigentiidske en op bern rjochte taal.
Mei de waarme en kleurrike yllustraasjes fan Marijke ten Cate - mei in protte details - fertelle se it ferhaal fan de skepping oant de dei dat Jezus weromkomme sil.
Ut it Alde Testamint komme nêst de bekende ferhalen oer de skepping en Noach ek minder bekende ferhalen oan bod, lykas it wer opbouwen fan de muorren fan Jeruzalem ûnder lieding fan Nehemia.
Ut it Nije Testamint is ûnder mear keazen foar de berte en it libben fan Jezus, Sacheüs, de reizen fan Paulus en de fisioenen fan Johannes.
De teksten binne skreaun troch seis betûfte berneboekeskriuwers. De Afûk soarge foar de oersetting.
De oarspronklike útjefte yn it Nederlânsk, de Prentenbijbel, ferskynde foar it earst yn 2008 en kaam tagelyk ek út yn it Dútsk, en dêrnei yn it Frânsk en it Noarsk.